Tocht: It koe fan gjin kanten

09 feb 2012 - 12:53

It Alvestêdetrajekt leit der op plakken sa min hinne dat in soad reedriders ferwûne rekke wiene as de tocht wol útskreaun wie. Dat sizze reedriders dy't tongersdei op eigen manneboet de tocht besykje te folbringen.

Tsientallen riders bûnen op de Swette by Ljouwert de izers ûnder. Gauke de Vries en syn beide ridersmaten kinne harren op rûchwei de helte fan it trajekt kwalik noch foarstelle dat der serieus sprake west hat fan in tocht, omdat op guon plakken it iis harren trijen amper hâlde koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)