Tocht foar Jan Riedstra

21 maaie 2009 - 19:42
  • Earbetoan oan Riedstra

Fanwege it ferstjerren fan sakeman en Cambuur-ikoan Jan Riedstra, sille supporters freedtejûn in tocht troch Ljouwert rinne. Se begjinne om healwei seizen op it Ruterskwartier en geane fia it Oranje Bierhûs nei it Cambuurstadion ta.

By it Oranje Bierhûs sil ien minút stilte hâlden wurde. Eltsenien dy't meirinne wol, wurdt frege fakkels en spandoeken mei te nimmen. Riedstra ferstoar tongersdeitemoarn op 65-jierrige leeftyd oan in hertoanfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)