Toch WW foar A7-meiwurkers

29 okt 2009 - 09:23
  • Mooglik dochs WW foar de meiwurkers fan A7

De meiwurkers fan it Centrum voor de Kunsten A7 krije wol in ww-útkearing as de ynstelling fallyt giet. Dat seit wethâlder Klaas de Boer fan Opsterlân.

Woansdei hat de rjochter besletten dat it keunstesintrum gjin foarskot kriget fan de belutsen gemeenten om de tekoarten oan te foljen. Dêrmei is it fallisemint fan it sintrum in stik tichterby kaam. De meiwurkers soene fuort yn de bystân terjochte komme, om't der gjin ww-preemje foar harren amtnersbaan ôfdroegen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)