Toch rychjeshuzen yn Blitsaerd

28 nov 2012 - 12:11
  • Boerd by de wyk Blitsaerd.

Der komme toch rychjeshuzen yn Blitsaerd ek al binne de bewenners der op tsjin. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hawwe dat besletten.

Troch de krisis op de wenningmerk kinne de projektûntwikkelers har djoere hûzen net kwyt. Guon bewenners binne lilk oer de oanpassing fan de easken. Wethalder Isabelle Diks fan Ljouwert fynt dat net terjochte, mar seit wol dat de kommunikaasje tenei better moat. De gemeenteried moat noch akkoart gean mei de oanpassing fan de wolstânseasken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)