Toch promoasje Futsal Cambuur

08 sep 2011 - 10:52

De sealfuotballers fan Cambuur komme komme takom seizoen dochs út yn de lanlike earste divyzje. De Ljouwerters ferlearen yn juny de play-off-finale foar promoasje tsjin LTC út Assen. Mar troch it weromlûken fan Dalen is der in ekstra plak beskikber. De KNVB hat besletten dat oan Cambuur te jaan.

Futsal Cambuur spilet freed 9 septimber al de earste wedstriid. Tafallich is dat tsjin LTC, de ploech dy't earder de promoasje fan de Ljouwerters yn de wei stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)