Toch fergoeding stroomsteuring

25 apr 2008 - 11:58

Sa'n 1200 húshâldens yn Ljouwert krije dochs in fergoeding fan Essent. De Ljouwerters hienen woansdei te krijen mei in stroomsteuring. Essent gie derfan út dat dy steuring net langer as fjouwer oeren duorre hie en der dêrom gjin fergoeding útbetelle hoegde te wurden.

Yntusken hat it bedriuw útfûn dat 1200 húshâldens dochs langer as fjouwer oeren sûnder stroom sitten hawwe. Sy krije no 35 euro útbetelle. Foar bedriuwen jildt in spesjale regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)