Toanielstik yn 8 talen op Oerol

29 okt 2001 - 00:00

Tryater sil takommend jier ien toanielproduksje meitsje yn acht Europeeske minderheidstalen. It nije stik 'Drowned Land' wurdt spile troch acht jonge akteurs út ûnder oare Baskelân, Wales, Oksitaanje, Fryslân en Samilân (Laplân).

Njonken it Ingelsk sille alle akteurs ek yn 'e eigen taal spylje en sjonge. De akteurs binne op it stuit yn Ljouwert foar in mienskiplike workshop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)