Toanielferiening siket manlju

28 des 2010 - 18:21

Ien fan de âldste toanielferienings fan Fryslân sit mei in grut probleem. Toanielselskip Willem van Haren út Rie hat te min manlju. Der is mar ien man beskikber en hjirtroch kinne der gjin grutte foarstellings mear spile wurde. In syktocht yn buordoarpen smiet neat op.

De toanielferiening hâldt fan it maaitiid worksjops om bern mei toanielspyljen yn de kunde te bringen. Oant dy tiid wurde der allinnich noch mar ienakters opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)