'Toaniel moat mear jeugd lûke'

13 sep 2007 - 13:44

It doarpstoaniel driget yn 'e knipe te kommen troch fergrizing. Hieltyd minder jongeren slute harren oan by de ferienings. Dêrtroch is de druk op âldere leden heech.

In protte ferienings kieze der no al foar om minder op te treden. Dat seit foarsitter Sjouke Wouda fan de STUFT, de stifting útjouwerij Frysk Toniel. Woude fynt dat de ferienings sels mear muoite dwaan moatte om de jeugd te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)