TNO: 'Sintrale As net 4-baans'

02 mrt 2006 - 14:07

De Sintrale As tusken Dokkum en Nyegea hoecht net in fjouwerbaansdyk te wurden. Dat seit ûndersyksorganisaasje TNO. In gewoane auto soe heechút twa minuten rapper te plak wêze as mei in twabaansdyk.

TNO hat it ûndersyk dien yn opdracht fan it Fryske Gea, Steatsboskbehear en de Miljeufederaasje. De foarkar fan de provinsje giet út nei in dyk dy't foar it grutste part fjouwerbaans is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)