TL: 'Ek noarm yn SW-Fryslân'

12 des 2012 - 17:56
  • Hayo Apotheker

Politike partij Totaal Lokaal yn Súdwest-Fryslân wol in saneamde Apotheker-Noarm ynfiere yn de gemeente. Dit betsjut dat bestjoerders fan bedriuwen en ynstellings dy't betelle wurde mei oerheidsjild neffens de partij net mear fertsjinje meie as boargemaster Hayo Apotheker.

Yn de gemeente Hearrenfean wurdt al wurke oan sa'n noarm. Neffens Totaal Lokaal moat de gemeente it goeie foarbyld jaan yn dizze tiden fan besunigings en krisis.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)