Tjongerskâns komt mei oare behanneling fan blaaskanker

11 des 2015 - 11:44
  • Lekker ite yn Fryske soarchynstellings

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean behannelet minsken mei blaaskanker fan desimber ôf op in oare wize. Tagelyk mei de operaasje wurdt in spieling dien. Dermei wurde ôfwikings yn de blaas earder sjoen en kinne tumoaren better ferwidere wurde. Derneist is de kâns lytser dat de tumor werom komt.

De metoade is by froulju en manlju ta te passen. Meiwurkers fan it sikehûs hawwe in training hân om mei dizze metoade wurkje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)