Tjongerskâns kâns op priis

25 jan 2013 - 19:30

Sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean is nominearre foar de earste Veiligvoedsel.nl Awards. De priis wurdt takend troch de Stichting Veilig Voedsel. Organisaasjes dy't foldogge oan alle easken op it gebiet fan hygiëne en feilich iten kinne der foar yn oanmerking komme. De Tjongerskâns is ien fan de trije nominearren yn de kategory sikehuzen. De útrikking fan de priis is kommende tongersdei op it Nationaal Congres Veilig Voedsel 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)