Tjongerskâns ferhuzet klinyk

03 jun 2013 - 16:54
  • Tjongerskâns

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean hat de eardere Hanzeklinyk oernaam. Fan 1 july ôf sit de polyklinyk pinebestriding fan de Tjongerskâns yn it gebou fan de Hanzeklinyk by Sportstêd Hearrenfean.

Dat hat neffens it sikehûsbestjoer as foardiel dat der mear romte komt foar sprek- en ûndersykskeamers. Boppedat kinne pasjinten fergees parkeare. Yn it keapkontrakt stiet wol dat op termyn ek it MCL yn Ljouwert en de medysk spesjalisten fan it MCL en Tjongerskâns eigener wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)