Tjongerschans: earder útslach

20 nov 2008 - 22:38

Kankerpasjinten witte yn sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean tenei folle flugger wêr't se oan ta binne. As op röntgenfoto's in fertochte flek op in long te sjen is, kin de pasjint noch deselde dei by de longdokter terjochte.

Dêrneist wurde se better begelaat by it ferwurkjen fan it minne nijs. It sikehûs die dit jier as iennichste Fryske sikehûs mei oan in lânlik projekt om kankerpasjinten flugger in diagnoaze jaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)