Tjongerschans: carpoolers warre

16 des 2001 - 00:00

Op it parkearplak njonken sikehûs De Tjongerschans op it Hearrenfean kin fan 14 jannewaris ôf net mear fergees parkeard wurde. De earste 20 minuten binne dan noch gratis, mar foar in hiele dei moat 2 Euro betelle wurde.

De Tjongerschans wol op dizze wize langparkearders dy't neat mei it sikehûs te krijen ha, lyk as carpoolers warre. Dizze nimme hieltyd mear rûmte yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)