Tjoe de Paula nei Aris

16 jul 2011 - 13:03

Lasaulec Aris hat him fersterke mei Tjoe de Paula. De betûfte shooting guard hat jierren yn de earedivyzje spile en kaam ûnder oaren út foar Grins, Almere en Den Helder. Foarich seizoen spile De Paula (30) foar de Hoppers yn de promoasjedivyzje.

De Paula is in maklik skoarende en kreative guard dy't yn syn lêste earedivyzjeseizoen yn Den Helder ta 13 punten de wedstriid kaam. Mei De Paula komt de seleksje op njoggen spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)