Tjerk Hiddes-slûs wer stikken

23 jan 2007 - 15:15
  • De slûsdoas wurdt fuorttakele

De Tjerk_Hiddes-slûs yn Harns moat opnij reparearre wurde. De ophinging fan in slúsdoar bruts sneon ôf doe't de brêgewipper de brêge tichtdie. Hoe't it maleur krekt ûntstie, wurdt noch ûndersocht. De doar moat fuorttakkele wurde foar de reparaasje. De slûsdoarren wurde geregeld kontrolearre. In pear moanne ferlyn is deselde doar ek al fan it plak helle. Doe moast in oar ûnderdiel ferfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)