Tjalsma CDA-fraksjefoarsitter

15 maaie 2013 - 17:02
  • Johan Tjalsma

Johan Tjalsma is fan woansdei ôf de foarsitter fan de steatefraksje fan it CDA. Hy folget Henk van der Veen op, dy't yn 2011 Ad van der Ham opfolge. Van der Ham wie acht jier fraksjefoarsitter. Hy ferstoar yn april dit jier.

Doe't Van der Veen yn 2011 fraksjefoarsitter waard, wie al bekend dat der yn 2013 in nije foarsitter komme soe. Van der Veen wie doedestiids de man mei de measte ûnderfining yn de fraksje, dy't foar in grut part út nije minsken bestie. Op dizze wize koene de nije steateleden oan har funksje wenne.

Johan Tjalsma wie sûnt 2011 de twadde man fan de fraksje. Cees Vos folget him op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)