Tjallinga Hiem krijt in Wii

12 des 2008 - 15:28

Foar de feroaring in kear in posityf berjocht oer de jeugdsoarch. Op Tjallinga Hiem yn Ljouwert krigen de bern freed in Nintendo Wii. Dat is betelle út de opbringsten fan 'e wike fan 'e jeugdsoarch fan in pear wike lyn. Doel fan de wike wie om it imago fan de jeugdsoarch te ferbetterjen.

Freed levere deputearre Tineke Schokker de Nintendo Wii ôf op Tjallinga Hiem. Se naam it apparaat yn gebrûk troch in firtueel potsje tennis te spyljen mei in jongere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)