Tjalleberter Krite ûntwikkele

27 sep 2007 - 07:25

Der komt in kommisje om de ûntwikkeling fan de Tjalleberter Krite te begelieden. Yn it gebiet oan de eastkant fan it Hearrenfean moat mear romte komme foar natuer, rekreaasje en wenjen. De besteande lânbou mei dêr net fan te lijen ha.

De boeren en bewenners fan it gebiet hawwe al eigen plannen makke foar de ûntwikkeling. Dy plannen wurde troch de nije kommisje meinaam by it opstellen fan in totaalplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)