Tjaarda pakt kampioenskip

06 sep 2014 - 18:39

Dekhynst Tjaarda riden troch Susan Bouwman út Nijeveen hat sneon it NK Fryske dekhynsten op it konkoers hippyk yn Droegeham wûn. Oer de útslach ûntstie nochal wat kommoasje. Neffens kenners hie de winner komme moatten út Wylster, riden troch Sybren Minkema of Thorben mei Age Okkema yn de seas.

By de KWPN dekhynsten gong de titel nei Ebert, riden troch Lambertus Huckriede út Enschede. Hy pakte ek de titel by it fjouwerspan hackney's. De kompetysjewinst foar de jonge Fryske túchhynders wie foar Filou SB, riden troch Sybren Minkema.

Sybren Minkema wûn by de nijelingklasse 9 fan de 10 wedstriden en befestige dêrmei syn oermacht yn Droegeham.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)