Titels foar Heideman en Verdouw

22 feb 2004 - 00:00

Reedriders Jan Maarten Heideman en Linda Verdouw ha sneon yn Assen de KNSB Cup wûn, de beker foar de bêste maratonrider fan it jier. Yn Assen waard de lêste maraton riden dy't meitelt foar it klassemint.

Heideman bleau yn de einstân Cedric Michaud en Jeroen de Vries fan Sint Nyk foar. By de froulju waard Daniëlle Bekkering twadde, Petra Grimbegen fan Hearrenferan einige op it tredde plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)