Titel Fryske hynders foar Postma

06 aug 2003 - 00:00

Siebe Postma fan Koufurderrige hat mei it hynder Harmen woansdei ferrassend de Nederlânske titel ienspan Fryske hynders pakt. Hy bleau op it Concours Hippique yn Bûtenpost favoryt Siebren Minkema foar.

Oare Nederlânske titels wiene foar de ferrassende Annie Huckride mei Rakker by it ienspan hackney foar froulju en foar Mieke van der Maat mei Manno by it ienspan túchhynders foar froulju. Sy wûn foar it twadde jier efter inoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)