Titel foar Schuil en Nummerdor

21 aug 2011 - 17:33
  • Argyffoto

Beachfollyballers Richard Schuil fan Ljouwert en Reinder Nummerdor ha snein foar de fiifde kear op rige de Nederlânske titel pakt. Yn Scheveningen wûnen Schuil en Nummerdor de finale mei 21-19 en 21-14 fan it duo Boersma/ Spijkers.

Yn de lêste set en mei in stân fan 19-14 misten Boersma en Spijkers in punt, wêrtroch't Boersma lulk waard en de bal it fjild útskopte. Boersma krige dêr in reade kaart foar, sadat de winst nei Schuil en Nummerdor gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)