Titel foar Bert-Jan van der Veen

26 des 2002 - 00:00

Bert-Jan van der Veen fan De Jouwer is tongersdei yn iisstadion Thialf op it Hearrenfean Nederlânsk kampioen maratonriden op keunstiis wurden. Troch in tûke demaraazje gie hy foar Frans de Ronde en Andres Landman oer de streek.

By de froulju is Jenita Hulzebosch-Smit de nije Nederlânske kampioen. Sy folget mei de titel har suster Gretha op, dy't tredde waard. Twadde waard Petra Grimbergen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)