Titel en jild foar Energy Valley

13 sep 2004 - 16:14

De stichting Energy Valley hat moandei de titel 'Innovatief Teamspeler Energietransitie' krigen fan de minister fan Ekonomyske Saken. De ûnderskieding is foar organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei duorsume enerzjy. De stichting hat ek 1,2 miljoen krigen fan it ministearje.

Energy Valley moat derfoar soargje dat de enerzjysektor yn it Noarden útboud wurdt. De stichting is in inisjatyf fan de oerheid en it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)