Tips oer stellerij fan sigaretten

27 apr 2015 - 13:25

De plysje seit meardere tips krigen te hawwen oer in stellerij út in supermerk yn Wâldsein. Dêr is sneintemoarn betiid in grutte partij sigaretten meinaam. Nei alle gedachten twa dieders koenen de winkel ynkomme troch in rút yn te smiten. Dêrnei naaiden se út in yn auto.

Ek oer in ynbraak yn Balk hat de plysje tips krigen. Dêr binne sneontemoarn betiid sigaretten stellen út in winkel, nei alle gedachten troch twa dieders op in scooter. Oft de tips ek brûkber binne, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)