Tips oer oerfal Sint Jansgea

03 okt 2012 - 10:57

Der binne 19 tips binnenkaam oer de ynbraak yn Sint Jansgea begjin augustus. In echtpear fan 84 en 75 jier is yn har hûs oan de Hege Dyk oerfallen. De man rekke dêrby ferwûne. De saak wie tiisdei op televyzje by Opsporing Verzocht. Guon tips jouwe details. Sa is ferteld wêr't ien wennet mei sa'n fyts as brûkt is by de oerfal. Ek hat ien in namme neamd. De plysje sil de saak no fierder ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)