Tips oer fynst lytse poppe

14 sep 2010 - 13:51
  • It plak dêr't de poppe fûn is

Der komme noch hieltyd tips oer de fynst fan in poppe yn 'e berm tusken Wolvegea en De Blesse. Mooglik dat de plysje ein fan 'e wike mear dúdlikens jaan kin oer de saak.

Ferline wike sneontemiddei fûn in famke in lytse poppe yn in plestik pûde oan 'e Stienwikerwei by Wolvegea. Se waard doe oansprutsen troch in âldere frou dy't achter har fytste. Se soe it berntsje nei de plysje bringe, mar dat is nea bard. Der wurkje noch hieltyd 10 resjerzjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)