Tips nei opsetlike oanriding

18 feb 2009 - 13:34

De plysje hat nije tips krigen oer de oanriding fan in frou (22) yn Ljouwert. Se waard heal desimber mei opsetsin oanriden troch in auto yn 'e wyk Huzum-East. De plysje is noch hieltyd op siik nei de bestjoerder fan dy auto.

De tips kamen nei it TV-programma Opsporing Verzocht fan tiisdeitejûn. De opnames dy't Opsporing Verzocht ferline wike yn Ljouwert makke, smieten ek tips op. Dy tips wurde no troch de plysje ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)