Tips foar skjinne boerehiemen

10 okt 2013 - 14:21

Op it digitale Kennisloket Erfafspoeling kinne boeren sûnt woansdei sjen hoe't se fersmoarging fan it oerflaktewetter en de boaiem troch it ôfspielen fan it hiem safolle mooglik foarkomme kinne. Troch dat ôfspielen kinne der ûnder oare dongstoffen yn it wetter en de boaiem komme.

Op goedboerenerf.nl stean tips hoe't boeren it bedriuw oanpasse kinne om fersmoarging tsjin te gean. Sa stiet der ynformaasje op oer de opslach fan dong en de opfang fan ôffalwetter.

It Kennisloket is ûntwikkele yn opdracht fan it ministearje fan ynfrastruktuer en miljeu en in grut tal wetterskippen, wêrûnder Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)