Tipjild foar moard Frjentsjer

31 mrt 2010 - 10:28

Justysje hat 15.000 euro klearlizzen foar de tip dy't liedt ta de oplossing fan de moard op de 69-jierrige Pietje Bouma út Frjentsjer. Frou Bouma waard op 13 maart dea fûn yn har appartemint yn fersoargingsflat Froonacker. Ut seksje is dúdlik wurden dat se mei meardere messtekken om it libben brocht is.

Undersyk fan de plysje hat noch gjin konkrete oanwizings oer de dieder opsmiten. Justysje hopet dêr mei it tipjild feroaring yn te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)