Tipjild fernielings swimbad

25 maaie 2009 - 12:05

De direksje fan swimbad De Stiennen Flier op 'e Jouwer looft 1000 euro út foar de tip dy't liedt ta it oanhâlden fan de fernielers fan it ôfdekseil fan it bad. Sneontemoarn kaam oan it ljocht dat ûnbekenden de waarmtekleden dy't oer it 50 meter-bad lizze fernield hienen.

Neist de skea hie dat fan gefolgen dat in Sweedsk wetterpolotiim, dat yn de Stiennen Flier trene soe, omsjen moast nei in oar bad. It 50 meter-bad kin tongersdei pas wer iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)