Tiny Mulder spile wichtige rol by it smokkeljen fan piloaten

18 apr 2015 - 12:39

De Fryske fersetsfrou Tiny Mulder hat in wichtige rol spile by de piloateline út Fryslân wei rjochting Spanje. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Alexander Tuinhout en Douwe Drijver.

It giet om piloaten, dy't yn Fryslân delstoart wienen, wer nei befrijd gebiet te smokkeljen. Ut Spanje wei koenen se dan Ingelân berikke en op 'e nij bombardemintsflechten útfiere boppe Dútslan. Mei elkoar binne mear as 80 piloaten op 'e line set, mei help fan Tiny Mulder. Op ien nei binne alle piloaten oppakt yn België, trochdat der ferried wie.

Yn Fryslân DOK is snein mear hjiroer te sjen by Omrop Fryslân op televyzje, yn de twadde ôflevering fan de dokumintêre 'Fryslân 40-45, wat de oarloch mei ús die'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)