Tiny Mulder (89) ferstoarn

04 nov 2010 - 19:30
  • Skriuwster Tiny Mulder ferstoarn

Skriuwster Tiny Mulder is ferstoarn. Mulder wie jierrenlang sjoernaliste by it Friesch Dagblad. Dêrneist skreau se boeken en gedichten. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine oeuvre.

Mulder waard berne yn Beetstersweach. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie se fersetsfrou. Nei de oarloch krige se ûnder oare de Medal of Freedom, in ûnderskieding fan it Amerikaanske regear. Tiny Mulder wie al lange tiid slim siik. Se is 89 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)