Tintefeesten moatte rekken hâlde mei smookkontrôles

26 jan 2016 - 12:30

Organisaasjes fan tintefeesten kinne tenei kontrôles ferwachtsje op it smookferbod. Dat seit de NVWA, de Nederlandse Voedsel -en Warenautoriteit. Aktiviteiteferiening Nocht & Wille út Deinum krige in boete fan 600 euro, omdat de NVWA by it doarpsfeest yn septimber konstatearre hie dat der smookt waard yn de tinte.

Yn Deinum sille se dit jier de feestgongers oansprekke op it gedrach en sette se der in aparte smooktinte by. Sa hoopje se in nije boete foar te kommen, want dan wurdt dy ferdûbele en kin sels de fergunning ynlutsen wurde.

De boete is yn Deinum betelle troch de aktiviteiteferiening en sealesintrum It Holt, omdat dy de fergunning hie foar it feest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)