Tinte stikkenwaaid yn Wâldsein

13 sep 2004 - 15:17

Yn Wâldsein is snein in grutte feesttinte stikkenwaaid. De tinte waard troch in wynflaach inkele meters fan de grûn optild om tsientallen meters fierder wer op de grûn del te kommen. Der diene him gjin persoanlike ûngemakken foar.

Yn de feesttinte soene allegear aktiviteiten organisearre wurde om jild yn te sammeljen foar Spieren voor Spieren. Dy gean no net troch. De skea wurdt rûsd op goed 80.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)