Tinte oer swimbad Gytsjerk

21 mrt 2013 - 17:28
  • Tinte oer swimbad Gytsjerk

It swimbad fan Gytsjerk wurdt op dit stuit opknapt en dêrfoar wurdt in grutte tinte oer it swimbad pleatst. It swimbad stie oant ferline wike noch fol reinwetter mei in laachje iis. It wetter is der no útpompt en de wanden en de boaiem binne skjinmakke. As de tinte oer it swimbad stiet, gean se fierder mei it skjirjen fan de wanden en dan komt der in nije coatinglaach op.

As alles neffens plan giet, kin op 17 april it wetter der wer yn en kin it bad op 27 april iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)