Tinte Glemmerfestival skuord

30 aug 2010 - 11:04

De tinte fan it Glemmerfestival dat it ôfrûne wykein op De Lemmer hâlden is, hat it minne waar fan snein net oerlibbe. It hiele wykein hie de organisaasje hâlden en kearen om de boel oerein te hâlden, mar sneintemiddei gie it dochs noch mis.

De tinte wie nei alle buien dweitrochwiet en swier en dêrtroch skuorde it doek yn de safolste swiere bui. De organisaasje wie op dat stuit drok oan it oprêden en koe de minsken op tiid út de tinte helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)