Tinte Alvestêdetocht ôfbrutsen

09 feb 2012 - 15:54

Nei de bekendmakking dat de Alvestêdetocht net trochgiet, is tongersdei it grutte ôfbrekken en oprêden begûn. Sa giet de grutte tinte-yn-oanbou by de Aldehou yn Ljouwert no alwer plat. Woansdei wie de opbou begûn. Yn de tinte soe in grut feest foarôfgeand oan de Alvestêdetocht en de huldiging fan de winner wêze.

De finansjele strop foar it Alvestêdefeest is rûchwei 50.000 euro. Dy wurdt dield mei sakepartners lykas RTL en KPN. De Alvestêdeferiening hat goed in ton oan kosten makke foar de tarieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)