Tinnere izers foar reedriders

10 feb 2006 - 16:36

Sven Kramer en Rintje Ritsma meitsje op de Olympyske Spullen miskien gebrûk fan tinnere reedizers. Skiedkundige en âldreedrider Marnix ten Kortenaar hat in metoade ûntwikkele wêrmei sy izers tinner meitsje kinne. Standertizers binne no 1,1 milimeter dik, mar dizze izers binne tinner as ien milimeter.

Oft de tinnere izers tiidwinst opleverje is noch net wis. Kramer wit noch net of hy ek gebrûk meitsje sil fan de nije izers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)