Tinkstien yn tsjerke Hilaard

21 apr 2004 - 00:00

Yn de tsjerke fan Hilaard komt in tinkstien foar de 13 ûnderdûkers dy't dêr yn de oarloch sitten ha. By it opknappen fan de Johannes de Dopertsjerke binne de resten fan it ûnderdûkersplak weromfûn.

De tinkstien komt yn de hal fan de tsjerke. De nammen fan de ûnderdûkers komme der op te stean. By de ûntbleating op 16 maaie wurdt ek in koarte betinkingsgearkomste hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)