Tinkstien foar Kneppelfreed

15 nov 2002 - 00:00

Kneppelfreed hat, nei 51 jier, in tinkstien krigen. De stien, mei in fers fan Fedde Schurer moat der foar soargje dat de slach om it Frysk op it Saailân yn it omtinken bliuwt.

By de ûntbleating fan de stien wie feedokter Van der Burg, dy't de oanlieding joech foar de reboelje, ek oanwêzich. De organisaasje fan de betinking fan Kneppelfreed wol oer fjouwer jier ek in manifestaasje foar jongerein hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)