Tinkstien foar Fryske Peallen

11 jan 2011 - 20:17

Opsterlân jout it skoalbestjoer fan de kristlike basisskoalle Rehoboth yn Fryske Peallen tastimming in tinkstien yn de muorre fan it skoalgebou mei te nimmen nei de nijbou. Betingst is wol dat de gevelstien kreas hersteld wurdt en dat it skoalbestjoer dy kosten betellet.

Ynkoarten sil begûn wurde mei de bou fan in brede skoalle yn Fryske Peallen. De stien krijt, as de nijbou klear is, in plakje yn of by de nije skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)