Tinkstien ferstoarne bern

23 okt 2010 - 14:58

Op it tsjerkhôf yn Easterbierrum is sneon in tinkstien ûntbleate foar namleas ferstoarne bern. Earder krigen poppen dy't by de berte ferstoaren gjin namme en gjin grêfstien.

Fan 1883 oant healwei de tweintichste ieu binne 200 anonime bern begroeven op it hôf yn Easterbierrum. Der kaam gjin grêf om it fertriet út de wei te gean. In soad famyljes kinne it net ferjitte, dêrom kaam Sint Joris Tsjerke mei de tinkstien foar dizze berntsjes sûnder namme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)