Tinkpaniel foar WOII-piloaten

25 jul 2011 - 16:48
  • Foto's: Rob Pieters/Omrop Fryslân

De bemanning fan in Wellington dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn in stik greide by Wiuwert delstoart is, hat in tinkpaniel krigen. Yn 1941 waard de fleanmasine, dêr't ien Nij-Seelânske en fiif Ingelske militêren ynsieten, delsketten troch de Dútsers.

Nei jierren ûndersyk troch in spesjale stifting is no dúdlik wurden wa't de bemanning fan de Wellington wie. Ek binne de neibesteanden opspoard om se te ynformearjen. Guon fan har wiene moandei by de ûntbleating fan it paniel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)