'Tink om stellen sloepen'

14 nov 2013 - 11:21
  • sloepen

De Plysje Fryslân docht ûndersyk nei stellen sloepen dy't foar ûnderhâld of winterstalling nei wettersportbedriuwen brocht wurde. Fan 'e wike binne persoanen oanhâlden dy't yn de omkriten fan Snits in stellen sloep foar winterstalling oanbeanen. De boat wie 100 kilometer fierderop stellen, sa die bliken. De plysje tinkt dat de groep mear sloepen stellen hat en ropt wettersportbedriuwen op dêr wach op te wêzen.

De plysje is boppedat op syk nei in sloep dy't stellen is yn Langwar. De Maril hat in bêzje romp mei in brune tinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)