'Tink om gemeenten en earmoed'

29 mrt 2011 - 17:21
  • Van der Zwan fan 'e Feriening fan Fryske Gemeenten

De politike partijen dy't in nij provinsjebestjoer foarmje, moatte ekstra omtinken jaan oan weryndieling en earmoedebelied. Dat fynt de feriening fan Fryske Gemeenten. It bestjoer fan de feriening hat in brief stjoerd oan formateur De Boer.

Lykas bekend prate PvdA, CDA, FNP en GrienLinks oer de mooglike foarming fan in nij kolleezje. De Feriening fan Fryske Gemeenten wol dat de partijen har dúdlik útsprekke oer gemeentlike weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)