'Tink om fytsende âlderein'

07 maaie 2013 - 10:17
  • De start fan de aksje foar freonlik ferkear

Wat fine âldere fytsers it meast ferfelend yn it ferkear? Dy fraach stiet sintraal yn in nije kampanje fan it Fytsersbûn: Vriendelijk Verkeer 2013. Studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert ha âldere fytsers frege fan hokker gedrach sy lêst hawwe yn it ferkear. Neffens it ûndersyk hawwe sy it measte lêst fan auto's, scooters, racefytsers en fytsende jongerein.

It fytsersbûn wol mear omtinken foar fytsende âlderein omdat dy dochs wat kwetsberder binne. Boppedat komme der hieltiid mear fytsende âlderein.

Oare ferkearsdielnimmers kinne dêr wol wat mear rekken mei hâlde en ek wat 'freonliker' mei omgean, bygelyks troch se foarrang te jaan op plakken dat se dêr rjocht op hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)